Yndrukwekkende deadebetinking Burdaard-Wânswert

Burdaard

Diskear wappere der ek in Kanadese flagge by it Burdaarder oarlochsmonumint 1940-45. Al langer wie bekend dat der in Kanadese soldaat by in fjoergefjocht by de brêge omkaam wie, mar men wist net wa’t dat krekt wie. Ald-skoalmaster Sybren van der Velde socht it út en wist de namme te achterheljen. Under de tinkstien foar de trije omkommen Burdaarders - Ds. R.H. Kuipers, K. Westra en C. Spijksma - is in plakette foar William Thomas Buddell (1920-1945) pleatst. Dêrmei heart er mei de oare trije slachtoffers fan de Twadde Wrâldkriich foar altiten ta de Burdaarder mienskip. Fanwege dit hiel bysûndere barren wie der in earewacht fan de Ljouwerter fleanbasis by de betinking oanwêzich.

Op 4 maaie om acht oere hâlde in groep fan sa’n 200 minsken wêrûnder famylje fan de slachtoffers by it monumint twa minuten stilte. Nei de krânslizzing fertelde Van der Velde it libbensferhaal fan de jonge Kanadese soldaat. Boargemaster van den Berg einige syn taspraak mei de wurden: ‘wa’t de eagen slút foar it ferline hat gjin sicht op de takomst.’ Dêrom is it ek fan grut belang stil te stean by ús frijheid en oan dejingen dy’t dêrta bydroegen hawwe, mienden beide sprekkers. In muzikale bydrage waard levere troch Concordia en koar Juliana.

Nei ôfrin brochten leden fan de toanielferiening yn MFC Het Spectrum de ienakter 'It Weromkommen' op de planken, it oangripende ferhaal oer in famylje dy’t wachtet op it thúskommen fan in soan dy’t omkaam is yn ien fan de Dútske konsintraasjekampen. Dúdlik waard dat grinzen tusken goed en fout skimeriger binne as jo miskien ferwachtsje soene.