Presintaasje debútroman Skuld fan Jikke Olivier

Dokkumer Nije Silen

Sneontemiddei 19 maaie wie de presintaasje fan de debútroman SKULD fan de Kollumer skriuwster Jikke Olivier yn Restaurant Herberg De Pater yn Dokkumer Nije Silen. Mids famylje en freonen krige sy it earste eksimplaar út hannen fan Johannes Bakker, foarsitter fan útjouwer KFFB. It tank-wurd fan de skriuwster wie foar de útjouwer, de meilêzers en omslachûnwerpster Rieke Verbeek. Dêrnei lies se in fragmint út de roman foar.

De roman giet oer in heit en in dochter, dy't achterbliuwe nei de selskeazen dea fan harren frou en mem. Tema's yn it ferhaal binne: it ferlies fan in leafste, skuldgefoel, pesten en leafde.

De roman is skreaun yn tagonklik Frysk en te lêzen foar jongeren en âlderen.

De roman SKULD is te krijen fia www.kffb.nl en yn de boekwinkels.