Surhústerfeanster Mirthe van der Veen ferivige yn stânbyld

Surhústerfean

Foar it nije programma 'Froulju fan Fryslân' socht Omrop Fryslân bysûndere Fryske superfroulju om in brûnzen boarstbyld fan te meitsjen.

De seis superfroulju binne bekend en wurde folge yn it proses nei ûntbleating fan de bylden ta.

Ut alle 200 ynstjoeringen binne Mirthe van der Veen (Surhústerfean), Jildou Valk (Eastermar), Gea Smits (Frentsjer), Froukje Hofma (It Hearrenfean), Anke Bruin (Flylân) en Tytsje Porte (Stiens) keazen.

De Friezinnen binne soarchfâldich útkeazen en se fertsjintwurdigje in wjerspegeling fan de mienskip. Der rekken holden is mei leeftiid, sprieding oer Fryslân en ferskate thema’s: kultuer, soarch, sport, oplieding, natuer en miljeu, mem-wêzen en karriêre. Alle froulju binne beskieden en hawwe in passy en fyzje foar it gruttere gehiel. Fan it hjerst is de telefyzjerige Froulju fan Fryslân te sjen by Omrop Fryslân. Yn de searje draait it om wat de keazen froulju sa bysûnder makket. De bylden sille in plak krije yn Ljouwert.

Mirte van der Veen, 28 jier, út Surhústerfean is nominearre troch Jolanda de Vries. Jolanda hat in soan mei in beheining. Mirte komt alle dagen efkes del en helpt Jolanda as allinnichsteande mem mei it soarchdossier. Dêrneist is se foar soan Thijmen de bêste freondinne, neist syn mem dejinge dy’t him it bêste begrypt. “Se is gewoan in topperke. De grutste freondinne fan myn beheinde soan Thijmen. Hy is alle kearen sa bliid as er har sjocht. Fansels is se ek myn freondinne, hat se in lústerjend ear en se stiet altyd foar ús klear. Derby is se ek in hiel leave berneferpleechkundige yn it MCL. Jout se training oan de jeugd fan DTS en noch safolle mear: in frou dy't libbet út har hert wei.”