Elske Kampen wint Kultuerpriis Tytsjerksteradiel

burgum

Dichteres en skriuwster Elske Kampen út Gytsjerk hat de Kultuerpriis 2017 wûn.

Ut hannen fan kulteurwethâlder Rommert Dijk krige sy hjoed de priis, besteande út in sjek mei in wearde fan € 950,- en in oarkonde. De Kultuerpriis is foar dyjinge dy’t in oansprekkend wurk op it mêd fan kultuer levere hat. Dat kin op ferskaat mêd, lykas byldzjende keunst, literatuer, Frysk, ensafuorthinne. De priis wurdt om it jier útrikt en beskikber steld troch de gemeente.

Elske Kampen debutearre yn 2010 mei de dichtbondel ‘Fan glês it brekken’. Dêr hat se de ‘Fedde Schurerpriis’ foar krigen. Dêrnei hat se de bondels ‘Man en Mem’ (2014) en ‘Ynbyld’ (2017) útbrocht. Njonken Frysktalige dichtbondels hat se ek ferskate twatalige dichtbondels en blomlêzings fan Nederlânsktalige poëzy útbrocht.

De sjuery wie ûnder de yndruk fan de kwaliteit fan de poëzy fan Elske Kampen en har stânfêstens hieltyd wer it passende wurd te finen foar it kleurich lânskip fan har gefoelens.

De konseptuele krêft fan Elske Kampen blykt út har hiele oeuvre. Mei har wurk draacht se ek by oan it ûntsluten fan de Fryske poëzy binnen en bûten de gemeentegrinzen en dy fan Fryslân. De sjuery hopet noch in protte fan Els Kampen te hearren.

De sjuery, besteande út Marian Hulshof (byldzjend keunstner), Paula Voorthuijsen (bestjoerslid St. Karakteristyk Tytsjerksteradiel) en Henk Kloosterman (foarsitter fan it Observeum yn Burgum), hawwe Elske ta winnaar keazen.