FNP Achtkarspelen by ‘Tusken Diken en Feanen’

Droegeham - Fraksje en bestjoer fan de FNP Achtkarspelen gie it dit kear nei Droegeham. Oan de lândyk hat Frank Roest mei syn dochter Tjitske de bistedokterpraktyk ‘Tusken diken en feanen’.

Frank studearre yn 1985 ôf en yn 1986 kaam hy yn Droegeham yn de praktyk mei de namme ‘Tusken diken’. Yn 1988 wurdt in nij pân oan de lytse wei yn Droegeham iepene. Yn 2002 wie der in fúzje mei de praktyk yn Surhústerfean, doe waard ek de hjoeddeistige namme oannaam. Yn 2015 gie Frank mei dochter Tjitske yn maatskip. Yn 2019 hat Frank dus in karriêre fan omtrint 35 jier.

It bedriuw hat 4.5 foltiid wurk bistedokters en 6 foltiid wurk para-veterinair bistedokter assistenten. De genêskundige en previntive soarch wurde op in goede en earlike wize foar minske en bist dien.

De haadlokaasje is Droegeham mar ek binne der lytsere praktiken yn De Westereen en Surhústerfean. Doe Frank begûn wie it oandiel selsskipbisten in 5 % / 10% fan de omset, tsjintwurdich is dat 50 %. In 2017 is der in ûnderkommen realisearre. Enerzjyneutraal en alles op it mêd fan soarch foar lânbou en selsskipbisten is der te finen en te krijen.

In foarljochtingsrûmte, in apoteek, in koelsel, kantoarromten, operaasjeromten, prachtige ûnderkommens foar de bisten dy behannele binne mar ek in weardige eutanasy-romte.

Nije saken en ûntwikkelingen dy’t harren oantsjinne hawwe, binne ûnder oare: in trimsalon, in assistintesprekoere, kursussen, begelieding en ûndersyk.

Achtkarspelen kin grutsk wêze mei sa’n heechweardige praktyk wêr je 24/7 telâne kinne.