Kritetoaniel Bûtenpost bringt twa kear Klontsjes

Bûtenpost - It Kritetoaniel fan Bûtenpost spilet op de sneonen 23 en 30 novimber beide kearen fan 20.00 oere ôf yn The Point it blijspul Klontsjes fan Jan Schokker.

In stik mei prachtige humor, spikerhurde kompetysje, yslike spanning, gedichten fan heech nivo en net te tellen klontsjes. Mei Ria Krist, Anneke Nieuwenhuis, Frouke Holtrop, Renate Rutter, Dictus Benedictus en Andries Hovinga. Regy Haije de Boer, bystien troch Iebe Bouma.

It ferhaal draait om Atze, dy’t trije kear in date hat. Moai fansels, mar sa ier op’e moarn hie er se net ferwachte. Sy binne allegearre in heale dei te betiid. Underwilens komt der ek noch allegeduerigen in buorfrou del op syk nei swietichheid. En dan bringt ien fan de froulju ek noch in bern mei, dat net fan harsels is, mei it boadskip: ,,As heit liet hy it ôfwitte, dan moat er it as pake mar sjen litte.’’ Resjersjeur Bokke Jansma, broer fan ien fan de dates, moat helpe om it riedsel fan it bern op te lossen. Dat docht er op syn eigen bokkige wize.

Seal iepen om 19.00 oere. Kaartferkeap allinnich oan de seal.