Diamanten paar Bouwe en Siepie Merkus geniet nog volop

Surhuisterveen - Bouwe Merkus en Siepie Schievink trouwden op 14 januari 1960 en dus vieren ze vandaag hun diamanten huwelijk. Ze genieten nog steeds van het leven, al was het niet altijd makkelijk.

Burgemeester Oebele Brouwer komt vanmiddag langs om hen beiden te feliciteren met het huwelijksjubileum en vanavond maakt het echtpaar er met hun twee kinderen, twee kleinkinderen en twee achterkleinkinderen en alle aanhang, overige familie, vrienden en buren een gezellig feest van in pannenkoekhuis Landzicht in Surhuizum.

Fonk

Bouwe Merkus (80) zag het levenslicht in Harkema en Siepie Merkus-Schievink (gisteren werd ook zij 80) is geboren in Surhuisterveen. Ze ontmoetten elkaar via haar broer, met wie hij bevriend was. ,,Ik kom út in gesin fan trettjin, ik bin de achtste. Bouwe kaam al in skoftsje by ús oer de flier. Ik seach him wol, mar it hat eefkes duorre foardat de fonk oersprong. Wy wienen noch jong, dus doe’t it sa fier wie, ha wy’t earst ek noch mar in skoftke stilhâlden foar de famylje’’, vertelt zij lachend.

Siepie Schievink werkte na de lagere school als gezinsverzorgster. ,,Ik ha noait oplieding hân. Ik wie noch mar krekt fan skoalle ôf, doe kaam der ien fan de gemeente lâns om te freegjen oft ik ek helpe koe yn in húshâlding yn’e buert, dy’t it dreech hie. No, dêr stiest dan. Dan bist sels noch mar in bern en moatst hielendal allinnich mei in hiele húshâlding rêde. Gelokkich learden wy thús wol oanpakken. Us mem stie der allinnich foar, mar dochs makke sy it altyd hiel gesellich thús. Ik ha werklik neat te kleien hân, ek al koenen wy net altyd krije wat in oar krige. Ek letter kamen alle bern alle saterdeis mei de oanhing thús.’’

Slochteren

Bouwe Merkus ging na de lagere school naar de ambachtsschool en kwam toen bij het gasbedrijf. ,,En ik ha ek noch piiplasker west yn Delfzijl. Doe’t ik 28 wie krige ik in baan by it gemeentlik Gasbedriuw yn Wolvegea. Tsien jier haw ik leare moatten en úteinliks wie ik Hoofd Technische Ontwikkeling en Voorlichting. Wy joegen ûnder oare foarljochting oan ynstallateurs, foaral as der wer nije foarskriften kamen. Wy krigen doe it gas noch fan Wanneperveen, mar letter ha wy dy hiele oergong nei it gas fan Slochteren meimakke. Yn dy tiid fertelden se dat der neat mis gean koe, want de grûn wie poreus, mar stevich. En as alle gas der ien kear út wie, dan soenen se it opfulle mei wetter. No, wy ha wol sjen kinnen hoe’t dat misgien is.’’

Toen het Gasbedrijf van Wolvega in de jaren ‘90 fuseerde met Frigrem, kon Merkus gebruik maken van de daar geldende 55-plusregeling, en stoppen met werken. ,,Myn âlde baas wie it der net mei iens. ‘Want dan reitsje wy alle kennis kwyt’, sei er. Ik hie op himsels noch wol wat jierren trochwurkje wollen, mar ik hie al genôch meimakke. Ik sei tsjin him: ‘Geniet, geniet, voordat het leven u ontschiet’. En dat snapte hy ek wol. Wy ha doe in hûs kocht yn Harkema, dat wie foar my wer echt thús. Trije jier lyn binne wy ferhûze nei in appartemint oan De Dellen yn Surhústerfean, dus no is ek Siepie wer thús. Undertusken haw ik dus ek al myn sulveren jubileum as rintenier fierd’’, vertelt Schievink lachend.

Ingelenkoar

Het echtpaar Merkus klinkt als een tevreden en vrolijk seniorenpaar, hun medische dossier is echter indrukwekkend. Toen hij 42 was, werd bij hem borstkanker geconstateerd. ,,In unikum, by manlju. De húsarts hie it mar hieltyd oer in spierferrekking, mar nei oardel jier koe ik net in penne mear fêsthâlde, sa’n lêst hie ik. De sjirurch hat my doe iepensnien, want op foto’s is soks ek net te sjen, mar it wie al útsaaid. Dêrnei bin ik noch 25 kear bestraald en it is allegear goed kaam. Fjirttjin jier lyn krige ik it wer, doe yn it oare boarst. Dat hienen se yn Grins noch noait meimakke. Ik krige der ek Hodgekin by, mar úteinliks bin ik dochs hielendal genezen. De internist sei tsjin my: ‘Jo ha net ien ingeltsje op it skouder hân, mar op beide skouders in hiel ingelenkoar’. It moaie is, ik ha der noait siik fan west en tsjintwurdich fiel ik my noch altyd sa sûn as in fisk.’’

Ook het medische dossier van zijn echtgenote Siepie is inmiddels duimendik, maar zij heeft er lichamelijk meer klachten aan overgehouden. Zo heeft zij twee nieuwe hartkleppen gekregen en is veertien jaar geleden bij een kleine ingreep aan haar speekselklier in Nij Smellinge de hoofdzenuw doorgesneden. Ondanks een herstel-ingreep in Leeuwarden, waarbij een zenuw uit haar voet is gebruikt, is haar gezicht nog steeds deels verlamd. Ook hield ze er een continue hoofdpijn aan over. Vorig jaar nog kreeg ze een herseninfarct. ,,Dêr is se frij flot fan hersteld, mar wy hawwe it wol foar de kiezzen krigen.’’

Strike

Toch woont het echtpaar nog altijd zelfstandig. Samen maken ze het gezellig in huis en hij helpt haar waar hij kan als mantelzorger. ,,Ik doch alles, behalven strike, haha. Mar wy hawwe alle tiid oan ús sels. Yn Harkema hie ik in grutte blommetún en dat mis ik soms wol, mar ik kuierje en fyts noch oeral hinne. Doe’t wy noch yn Harkema wennen, rûnen wy tegearre hiele einen, soms wol tolve kilometer, mar no kin Siepie net mear sûnder de rollator. Hobby’s ha wy eins net. Ik sit wolris achter de pc en mei wol graach oer muzyk. Mar it foldocht ús hjir bêst en wy genietsje noch altyd fan it libben.’’