Hindrik van der Meer nimt ôfskie fan de Wâlden

STYNSGEA - Hindrik van der Meer nimt sneintemoarn 1 maart fan 9.30 oere ôf yn de moarnstsjinst yn ‘e tsjerke fan Stynsgea ôfskie fan de Wâlden.

Hindrik van der Meer (1938) nimt ôfskie mei in soarte fan toernee lâns al dy tsjerken en plakken dêr’t hy de ôfrûne jierren op besite west hat mei syn Kwartettekoar. De ôfskietsjinst is tagelyk in appèl oan tsjerklik Fryslân om de rykdom fan meartaligens te fieren op de sneintemoarn.

Mei in fèst tema komt it koar mei in grutte rige fan lieten fan net allinne dichters as Eppie Dam en Fedde Schurer, mar wurdt ek oandacht jûn oan lieten út Taizé en Iona. Sa wurdt der ek in tal bernelieten songen en klinke lieten út it nije Lieteboek. Der sit in liturgyske opbou yn de sjongtsjinsten, mar de preek sit yn de lieten. Dat it koar oprjochte is om de minsken oan it sjongen te krijen, sil tige te merken wêze.

Sûnt 1965 is Hindrik van der Meer al dwaande mei de Fryske taal en nije Fryske lieten. Hup sûpen groattenbrij……., Kwek, kwek, minemyn en De bistenboel fan omke Roel, dêrfoar makke Hindrik van der Meer de fleurige musyk. Sûnt 1983 sette hy mei syn frou Beitske 15 jier lang literaire busreizen op priemmen.en yn de jierren 80 begûn hy mei de musicals Joazef Masterdreamer; Jona en yn 2014 Ruth. Mei syn studinten fan de PABO yn Snits hat er de earste musicals mei in protte sukses op ‘e planken brocht. Ein jierren 90 makke Hindrik ek nije lietebondels, lykas De keunst fan it libben, Minsken fan’e dei en Fakkeldragers yn ‘e wyn.

,,Lit dyn eigen taal net swije, eltse taal kin sprekken lije!” is it motto fan Hindrik van der Meer. ,,As der in methoade socht wurdt om literatuer, musyk, keunst en kultuer by de minsken te bringen, dan is dat de methode Hindrik’’, seit Gerben Gerbrandy, âld-foarsitter fan it Auke Roukes kroechkoar.