Fedde Schurer Middei mei lieten, gedichten en ferhalen

TWIZELERHEIDE - Yn de Grifformeerde tsjerke oan de Bjirkewei is snein 1 maart fan 16.00 oere ôf in Fedde Schurer Middei. Op it programma steane lieten, gedichten en ferhalen fan Fedde Schurer.

Oan de middei wurdt meiwurke troch Melle Leegstra (sang en musyk), Albert Eisinga (sang), aep Meems (pianobegelieding) en Gerda van der Wijk (foardracht fan ferhalen en gedichten). Ek wurdt in tal lieten meielkoar song. Der is kofje en tee en der wurdt in kollekte hâlden.

Fedde Schurer (Drachten, 25 juli 1898 - It Hearrenfean, 19 maart 1968) wie in Frysk dichter, sjoernalist en politikus, kristlik fredesaktivist en foaroanman fan de Fryske kultuer. Hy wie Keamerlid foar CDU en PvdA, haadredakteur fan de Friese Koerier en publisearre fan 1925 ôf gedichten, ferhalen en toanielstikken. Hy stoar wylst er oan it skriuwen wie mei syn autobiografyske roman De Besleine Spegel. Hy krige yn 1949 de Gysbert Japicxpriis foar syn toanielstik Simson en syn Fryske berimings fan de psalmen.