Traaptrekkerprotestaksje Ingwierrum

Ingwierrum - Wa regelmjittich troch Ingwierrum rydt, wit dat in pear jier lyn de trochgeande dyk yn it kreaze doarpke aardich oanpakt is: moaie brede stoepen, in weifersmelling, in smellere rydbaan, alles yn it rampt fan: 30 kilometer yn it oere.

30, werom tritich. Wer basearret de oerheid de snelheid 30 op? Werom is 25 km net folle feiliger om oanridingen te foarkommen en foar beskerming fan us bern.

Mar at de oerheid earne goed yn is, is it oplizzen van rigels oan de hân fan sifers, en net altiid like dudlik baseare. Dat sjogge wy no ek oan de foermaatrigels dy’t de boeren oplein wurde. En de basis fan dy rigels doocht net yn us eagen. Der wurdt lanlik oer praat, protesteare, blokkeard en wat ek mar mear.

Ek by us yn Ingwierrum wurdt der oer praat. Ek ûnder de âldere basisskoalle bern. Die sjogge heech by die protesten op en woenen graach ris hinne om te trekker sjen. En lit we earlik wêze; ek in pear heiten ha yn oktober op it Maaljefjild stien en die foenen it ek yndrukwekkend en woenen ek wol wer! Mar sa we ôfrûne wike sjoen ha yn Wijster, sels op prive terrein binne de bern net feilig foar de ME Mannen.

Mar de bern woenen harren eigen demonstraasje ha mei traaptrekkers en skelters! 20 stiks en 25 bern fan de basisskoalle (wer yn totaal ruchwei in 45 bern opsitte!) hawwe rûntsjes riden op in ôfset stik dyk en stoepe yn Ingwierrum, fansels oanmoedige troch de âlders! En nei in snoepke en wat ranja fansels noch yn kolonne noch in slach om it doarp!!!

Machtich!! En it bleun jûns noch lang ûnrêstich yn mennich bernesliepkeamer!

Mar wat de profinsje in pear jier lyn mei tsientûzenen euro’s net foar elkoar krigen hat, rêden us bern wol op mei de skelters: de snelheid fan de auto’s sakke fan minstens 50 yn’t oere nei 20 yn’t oer, gjin sjoufeur dy’t de bern gjin glimke of tûmke joech, allinnich mar positieve reaksjes!!

Dat profinsje, is it ek moochlik dat we een skelterbaan op us trochgeande dyk krye sadat de snelheid der ut giet?

En mevrouw Schouten, us bern krye yn elts gefal wol draachflak. Sille jo dan ek nei harren lusterje?