Tjitske Alma honderd jaar, maar eigenlijk pas veertig

SURHUISTERVEEN - Tjitske Alma-Feenstra viert vandaag in 't Suyderhuys haar honderdste verjaardag. Loco-burgemeester Max de Haan kwam namens de gemeente.

Tjitske Alma-Feenstra is geboren en getogen in Harkema, maar toen ze trouwde ging ze met haar man in Augustinusga wonen. Lang bleef ze daar niet, vertelt zoon Tamme (78). ,,Fiif wiken neidat ik geboaren bin is ús heit stoarn. Mem is doe mei my weromgien nei har heit en mem. Sy is dêr altyd bleaun en ik bin opgroeid by mem en pake en beppe. It wie in aparte sitewaasje, der wie ek noch in omke yn'e hûs, mar foar my wie it hiel normaal, ik wist net better.''

Zijn moeder is nooit hertrouwd en heeft ook nooit een baan gehad, vertelt Alma. ,,Sy wie eins by pake en beppe yn'e kost. Sy die dêr it húshâlden en holp ek wol by har âldere susters en skoansusters yn'e hûs. Yn dy jierren wie der fansels ek noch gjin weduwepinsjoen. Mem die de boekhâlding en as der fisite kaam, dan rêde sy der mei. Sy wie eins tagelyk dochter en húshâldster, kinst wol sizze.''

,,Mem wie altyd hiel soarchsum en stie foar elkenien klear. Doe't beppe siik waard en begûn te demintearjen hat sy har de lêste fiif jier hielendal fersoarge. Nei de dea fan har âlders wenne sy tegearre mei har broer. Doe’t se net mear de soarch foar har âlden hie, begûn sy eins pas echt te libjen. Op har sechstichste hat se noch swimmen leard, sy begûn te fytsen en hat mei oaren de folksdûnsklub fan De Harkema oprjochte. Doe begûn har moaie libben, dêrfoar wie se yn tsjinst by beppe.''

Zijn moeder heeft van haar laatste jaren echt genoten, weet zoon Tamme. Met vriendinnen van de zelfde leeftijd ging ze op stap en vierde ze vakantie. Ze bleef lang zelfstandig wonen aan de Pauloane in Harkema, maar woont sinds vier jaar in het Suyderhuys in Surhuisterveen. De laatste maanden mocht ze vanwege de corona geen bezoek ontvangen van haar zes kleinkinderen, tien achterkleinkinderen en vier achterachterkleinkinderen, maar door de gezelligheid op de woongroep is ze deze tijd goed doorgekomen.

,,Sy is lichamelik sûn, mar wol âld en warch. Se libbet mear yn it ferline as it no, mar kent ús noch wol. De lêste tiid frege se faak wat datum it wie. Oh, sei se dan, dan wurd ik ek al hast hûndert. Hjoed is it echt safier. Oars hie it wol in echt feest wurden, mei muzyk en dûnsjen, mar de koroana sit ús dwers. It is net oars.'