Wurkbesite FNP oan Rients Faber Twizel

twizel - In grutte delegaasje fan de fraksje en it bestjoer fan de FNP Achtkarspelen is op wurkbesite west by firma Rients Faber yn Twizel.

Rients Faber fertelde enthousiast oer syn bedriuw. Hy sei dat it bedriuw út in lyts bedriuw wei opbout is. Firma Rients Faber is in ljocht, lûds- en byldbedriuw. Hja binne foaral bekend yn de omjouwing troch harren prachtige krystshow mei ferljochting. De hiele buorkery (wêryn it bedriuw festige is) is hiel moai ferljochte. Mar it meast wichtige part fan it bedriuw is it lûds-underdiel. Hja leverje byld, mar foaral lûds-ûnderdielen oan oare ynstansjes yn it hiele lân.

Rients Faber is san lytse 40 jier lyn begûn as discjockey en sadwaande goed bekend wurden by de jeugd yn de regio. Letter begûn hy in soarte fan bemiddelingsburo foar discjockeys yn Ryptsjerk. Ûngefear 28 jier lyn kaam hy te wenjen yn Twizel. Yn dizze buorkerij hat hy syn ljocht, lûds- en byldbedriuw opbout. Op dit stuit wurkje der 8 minsken yn it bedriuw. De deistige lieding leit yn hannen fan Rients Faber en syn soan Martin Faber.