Fryske Krite Bûtenpost spilet klucht ‘De tante fan Charly’

Bûtenpost

Op de sneonen 24 novimber en 1 desimber spilet de Fryske Krite Bûtenpost ‘de klucht der kluchten’: ‘De Tante fan Charly’ (Charley’s aunt) fan de Ingelske toanielskriuwer Thomas Brandon yn in Fryske oersetting fan Anneke Burgy.

De Hollânske kluchtspiler Jon van Eerd hat mei it stik as ‘de tante’ in soad toanielsealen folslein plat spile. Foar de Krite Bûtenpost binne yn tou de toppers Remco de Poel, Dictus Benedictus, Frouke Holtrop, Renate Rutter, Andries Hovinga, Iebe Bouma, Lourens de Zee, Ria Krist en Anneke Nieuwenhuis. De regy is yn hannen fan Henk Roskammer.

De foarstellings binne yn The Point yn Bûtenpost, om 20.00 oere. Seal iepen: 19.00 oere.

In koarte ynhâld fan it stik. Twa freonen - Rogier en Charles - binne fereale op de famkes Eline en Celine. De heit fan de froulju, Olivier Heemstede, hat it net sa op de jonges. It ferhaal giet nammentlik ek dat it jild fan de famylje fan Rogier der trochhinne jage is troch de heit fan Rogier.

As bekend wurdt dat de stienrike tante fan Charles, widdo Donna Lucia d'Alvadorez út Brazilie plannen hat om wer nei Fryslân te kommen, pakke de beide freonen harren kâns. Se noegje de famkes út om yn de kunde te kommen mei de tante fan Charles. Soks makket grif yndruk op de heit fan de froulju. Op it lêste momint komt lykwols it berjocht, dat tante net op tiid komme kin…

 


Auteur

Redactie