In ynfaller docht it net samar goed

Om de pear wike foar in oare klasse mei folslein ûnbekende bern. Yn ’e jierren tachtich, in tiid fan hege wurkleazens ûnder ûnderwizers, is it mannich begjinnend master en juffer oerkommen. Koos Tiemersma skreau der in roman oer: De ynfaller.

Koos Tiemersma: ,,De utersten fan hyt en kâld lizze ticht byelkoar yn ’e Wâlden.’’ FOTO JILMER POSTMA

Koos Tiemersma: ,,De utersten fan hyt en kâld lizze ticht byelkoar yn ’e Wâlden.’’ FOTO JILMER POSTMA Foto: Jilmer Postma

Koos Tiemersma (70) hat fjirtich jier foar de klasse stien, fjirtich jier oan deselde kristlike skoalle yn Kollumersweach. Oars as haadpersoan Marcus út syn boek is er sels yn de jierren santich ôfstudearre, in perioade fan krapte op de arbeidsmerk foar ûnderwizers. Hy hie de baantsjes, krekt as de jonge ûnderwizers fan hjoeddedei, foar it útsykjen. In pear jier leeftydsferskil kin in soad útmeitsje,

Nieuws

menu